februari 19, 2017
fan ûnbekend*
It wie gjin fraach, sa moast it wêze,
boppedat bern fregen net,
mar harken nei de grutten,
sa wie de ûnbesprutsen wet:
oan ’t wurk yn plak fan lêze.
De knibbels krom en smoarge hannen
op ’e bou, oan heit gelyk,
en letter tusken muorren,
mei wurge hannen yn ’t fabryk:
oan ’t wurk, gjin takomstplannen.
It wie gjin fraach hoe’t sy it fûnen,
want wa’t bern wie, frege net,
’t fabryk wie foar de grutten,
sa stie no ienkear yn de wet**,
mar ’t lânwurk wie foar sûnen.
Noch altyd waarden bern net frege,
want de skoalle wie in plicht***;
se sieten tusken muorren,
al wer, de doar foar oeren ticht,
de hannen skjin foar ’t hege.
* Skoalfoto út 1901
** Bernewet fan Van Houten (1874)
*** Wet op ’e learplicht (1901)
februari 18, 2017
fan ûnbekend*
Hoe faak en fier ha wy wol reizge,
net frijwillich, want it moast:
nei Betlehem, it gie om tellen,
ik wie swier en dêrom foel ’t my swier
dêr yn de stâl, gjinien woe ús as gast,
mar lokkich kin ’k it neifertelle.
Se moasten wol oant trije telle,
want ús jonkje seach it ljocht
dêr yn de stâl, it wie in wûnder,
mar al wer foel ’t my en Joazef swier:
it wie Herodes dy’t ús jonkje socht,
de dream fan rêding wie bysûnder.
Wy binne nei Egypte reizge,
hookstrooks middenyn de nacht,
it lân dat earst ús foarfaars telde,
ek de jonkjes deade, stjerrend wier,
mar lokkich hold it oer ús bern de wacht
oant wer in dream it felich melde.
Yn Juda hearden wy de tiding
fan memmen sûnder bern,
troch moardnershân de dea ynjage,
net te tellen en wer stjerrend wier,
it fielde as hie ’k sels in bern ferlern,
mar lokkich koe ’k myn eigen drage.
Ikoan ‘Marije en Bern’