Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jûnslûden

Keunst

fan Edvard Munch*

Kin in skreau noch lûder klinke
as dat de himel weaget mei
en ek it wetter fan it fjord?
It bloed spielt oer de giele dei,
de holle wol it leafste sinke.

Hannen om de smelle holle
beskermje earen foar de brek
troch ’t weagjen fan it gjalpjend bloed,
de mûle wurdt ta grutte bek
mei lippen dy’t net skreauwe wolle.

Hannen op ’e lange planke
yn it jûnsljocht dat net wike wol
om flústerjend noch kleur te jaan
oan fammen fan de dei, dy’t fol
is fan melodieuze klanken.

* Edvard Munch (1863-1944)
Skilderij ‘De skreau’
Skilderij ‘Famkes op ’e pier’

 

 

admin

Bliid stjerre

Bibelbylden

fan Rembrandt*

Hjoed moat ik myn blidens kwyt
oan wa’t mar hearre wolle,
wylst myn libben lang al slyt,
ha ik in folle holle.

Leauwe koe ik amper mear
yn Israels befrijing,
mei it libben wie ik klear,
woe my oan ’t lêste wije.

Mar de Geast liet dat net ta
en dreau my nei de timpel,
dêr soe ik wer útsicht ha:
dat iene bern warimpel.

Yn myn earmen lei er stil
wylst ingels yn my songen,
amper hie ’k in eigen wil:
‘Godlof, do leave jonge!’

Noch mear wurden liet de stim
oer mem en berntsje hearre:
‘Harkje hiel Jeruzalem,
ik kin no rêstich stjerre.’

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Simeon yn de timpel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum