Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hout op izer

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

Dêr leit it skûtsje ‘Swanneblom’,
it wite skip fan izer,
om hout te laden by ‘De Rat’;
de stikken komme net yn ’t rom,
de lûken kinne se wol hysje.

Fan Drylts oer Snits nei Earnewâld,
sa fart it hout op izer
lykas it neffens ’t âlde moat,
mar as it seil gjin twirke hâldt,
dan wurdt it tiid foar boom en beage.

Fan hout wurdt boud it nije skip
nei âlde ‘Aebelina’,
mei rûge stikken fan ‘De Rat’;
sa’n houten skûtsje eaget hip,
it seil wurdt mei de hannen hise.

admin

Ik William Turner

Keunst

fan William Turner*



Sjedêr, ik stean der swijend op,
mar sprekkend sa’t ik byldzjend bin,
de eagen rjochte op ’e fierte,
de earen harkjend nei de rop
om my myn ropping yn te jitten.

De weagen bolderje my ta
dat ik foar bylden berne bin,
it galmet tusken heuveltoppen
dat ’k foar ’t palet de hannen ha,
de ynspiraasje komt fan boppen.

It is net hjir, mar altyd dêr,
sadat ik skilder-swalker bin
by heech en leech, romantysk stribjend,
de kosmos wol my ha as stjer
om nei de dea noch troch te libjen.

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Selsportret’
Skilderij ‘In jacht sylt nei de kust’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum