Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stjoerend gefoel

Keunst

fan Remigius van Haanen*


Wa wurdt net rekke,
krijt gjin waarm gefoel
by twirkes dy’t oer ’t wetter
strike, yn de jûn noch soel…
de moanne sil trochbrekke.

Wa wol dan witte
dat dy satellyt
draait om de rûne ierde?
Fiel hoe’t ús boatsje glydt…
de moanne kin ’t net litte.

De wolken driuwe
foar it nachtljocht wei
of brekt it der trochhinne?
Fiel hoe’t wy glide nei
it langstme om te bliuwen.

Wêrom net skine
mei it eigen fjoer
by twirkes dy’t oer ’t wetter
strike, dûbel ljocht jout stjoer,
’t gefoel sil ’t far wol fine.

* Remigius van Haanen (1812-1894)
Skilderij ‘Nachtgesicht mei in sylboat mei fjoer’

admin

Net langer gek

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Se ha my lang foar gek ferklearre,
woene ha, ik hie de duvel yn,
mar sis no sels, kin ik dêr wat oan dwaan?
Ik wie mysels net, krekt as hearde
ik in stim dy’t oanjoech wat te dwaan
as  koe ’k sels neat, as wie ik blyn;
sa waard ik nei de synagoge stjoerd,
nee, net foar ’t harkjen nei de wet,
se seine, ik begûn te skreauwen
tsjin in man út Nazaret,
dy’t stjoerd wie om ús te fergriemen,
dat moat ik doe roppen ha,
o ja en ek noch dat er hillich wie…
net te leauwen!
Ik wit net wat dy man doe sei,
fan binnen hearde ik ien skriemen,
doe waard it stil, se seine dat ik lei,
mar samar wie ik wer oerein
en hearde foar it earst myn eigen stim:
‘Wêr is dy man, ik sykje him!’
Hy wie al fuort… wat hie er sein?

* Romaansk fresko ‘Jezus driuwt
yn Kafarnaüm in kweade geast út’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum