Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Andréas syn gelyk

Bibelbylden

fan Ducio di Buoninsegna*

It wie in dei as oare dagen,
tochten wy, teminsten yn de moarn,
broer Petrus wie fansels oan ’t wurd
oer grutter net en lege mage.

Ynienen hearden wy ien roppen,
net ús heit, it barde op in toan
net twingend, oars as Petrus’ wurd:
‘Andréas, skuor it seil nei boppen!’

Ik hie it daliks yn de gaten,
’t komt net op ’t gewoane fiskjen oan,
mar Petrus liet him deroer út:
‘Dy fint wol efkes mei ús prate.’

Gelyk hoech ik no net te krijen,
dêr stie Jezus, ja… fan wa de soan?
Hy liet him oer ús fiskjen út,
mar dan om minsken te befrijen.

* Ducio di Buoninsegna (sirka 1255-1319)
Skilderij ‘Ropping fan Petrus en Andréas’

admin

Nei rêst op dreef

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

De skipper sit net oan it roer
en stiet der ek net nêst,
mar hat de pet wol op,
hy joech it helmhout oer
en dat foldocht hjoed bêst,
de silers binne top.

Se sitte yn ’t gemeentewurk
as tún- en timmerman,
mar hjoed foldocht it bêst
op ’t plak fan roef oant durk,
se nimme it derfan
mei hannen yn de rêst.

Mar komt it derop oan
mei yn it seil in reef,
dan hâldt de skipper fêst
oan wat hy fynt gewoan
en komt it skip op dreef
fan swurden oant de mêst.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum