april 3, 2017
Ier rûn ik by de streken lâns:
de wite dy’t gjin wein noch wiisde,
reiden dy’t net wiisden op
feroaring fan seizoen,
it brocht my justjes út balâns.
It koe net oars, it wie noch ier,
oer ’t winterlânskip lei de dize,
dy’t wjerhold de fûgelrop
om oan te gean ’t ferbûn
mei griene spruten… libjend wier.
Fier hoegde ik net mear te gean,
de wite streek soe my wol wize
wêr’t it grien kaam út ’e knop,
dêr’t ik de oergong fûn,
’k bleau yn balâns en lang noch stean.
april 2, 2017
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hy waard as militêr fan joadsk komôf
beskuldige fan spionaazje,
mar Alfred Dreyfus wie de naasje trou…
in kwestje fan diskriminaasje.
De Frânske naasje balte moard en brân:
‘De dea oan alle goare Joaden,
de duvel hat de hân der grif yn hân…
in knibbelfal foar falske goaden!’
Dus waard de joadske offisier by wet
feroardield: libbenslang de jierren
op ’t Duvelseilân, dêrby kaam de smet
fan út ’e rang set sûnder skjirre.
Emile Zola, de skriuwer, wie it oer,
hy wist dit Frânske spul hat luzen,
troch ’t antysemitisme waard er poer
en skreau it krekte wurd: ‘J’ accuse!’
Nei fjouwer jier kaam Dreyfus wer werom,
de duvel koe gjin sprekken lije,
de rehabilitaasje sûnder rom
noch, soe de Joad earst letter krije.
* Foto ‘Alfred Dreyfus’
** Yllustraasje ‘Alfred Dreyfus út ’e rang set’