Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Needwaar op it Waad

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

In skûtsje hat in eigen aard,
is berne foar de Fryske marren,
sylt op koarte weagen hurd,
mar is te lyts om him te warren
op it Waad.

De ‘Drie Gebroeders’ gie op paad
mei seis betûfte rekreanten
en oan board ek noch in hûn;
de driging kaam fan alle kanten
op it Waad.

De see, dy’t binnenskippen haat,
sloech mei in stoarm fan wynkrêft alve
ta, sadat it lytse skip
sloech om op weagen lykas wolven
op it Waad.

Elk minske hat in eigen aard
as hûnen, skippen en ek stêden;
sa ha helpers út stêd Harns
de seis mei harren hûn doe rêden
op it Waad.

admin

Op earme grûn

Keunst

fan Philip Sadée*
fan George Hendrik Breitner**

De skiere kym as grins
fan ’t wyldlân, safier kin sy skeppe,
soks giet boppe harren tins,
sy moatte skreppe.

Sy libje wol op grûn
fan wat beskrept wurdt, ’t jout te iten:
jirpels yn de lette jûn
om troch te biten.

Sy bite troch de dei
en wa’t net siik wurdt, troch de jierren,
wolle hjir net wei,
’t bestean is hjirre.

Hjir is de muorre grins,
sy stjitte faak dêrtsjin de holle,
lege magen ha ien winsk:
wat sop ha wolle.

Yn ’t pantsje jirpelsop
fan earme grûn, net om te biten,
’t is mei trije happen op,
moarn gjin besite.

* Philip Sadée (1837-1904)
Skilderij ‘It meitsjen fan in jirpelfjild’

** George Hendrik Breitner (1857-1923)
Skilderij ‘Sop útpartsje’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum