april 9, 2017
fan ûnbekend*
Hy sloech op ’t stjerbêd noch in krús,
it wylde wie fan ’t libben ôf,
want Oscar Wilde hie rynsk geniete
fan de leafde mei in man en frou,
as katolyk fûn hy syn thús.
Fan Iersk komôf en protestant
wist Oscar hoe’t it libben wie:
hy song de psalmen, net de lieten
dy’t him paadwiis makken, joegen rie
hoe oft in dichtershert ûntspant.
De keunst lei him nei oan it hert,
dat oerrûn fan it eigen aard,
net ite fan wat oaren ieten,
boppedat gie it om ‘l’art pour l’art’,
in oar prinsipe lei him net.
Hy waard de keunstner mei lang hier
en pronke mei syn uterlik,
preau fan it libben meast it swiete,
sprate as in fûgel sturt en wjuk,
it rabjen skeelde him gjin sier.
Syn houlik rûn op skieding út
fanwege leafde foar in Lord,
wat sodomy wie yn dy tiden,
sel en wurkpleats waarden doe syn wrâld,
de doop en salving ta beslút.
* Foto ‘Oscar Wilde’
april 8, 2017
fan Jan Luyken*
Wy hiene nachts net folle fongen,
heit woe ha, it lei oan ’t net,
it hie syn bêste tiid wol hân,
dus waarden wy oan ’t boetsjen set,
Jehannes woe it leafst nei ’t strân.
Net dat wy konkurrinten wiene,
want de mar tilt op fan fisk,
by Petrus siet it net wer fol,
as fisker wie ús takomst wis,
dochs krigen wy in oare rol.
Jehannes hie it earst wat murken
mei it iene each op ’t strân,
dêr’t ien by ús kollega’s stie,
sa dreau ús takomst nei it lân,
ja, Petrus wie al út ’e rie.
Myn broerke seach it al gau sitten,
hie mei Jezus wol in klik,
it lei him grif oan ’t minskenet,
want fiskers bleauwen wy, mar ik
bin earst noch nei de boat ta set.
* Jan Luyken (1649-1712)
Print ‘Jezus, folge troch Petrus en Andréas,
winkt Jakobus en Jehannes om fan it skip
fan harren heit te kommen’