april 13, 2017
fan Constantin Meunier*
It swarte stof siet yn syn bloed,
dat streame moast foa r ’t deistich brea
foar mem en soan, hy hie gjin frou,
wat komme koe, hy wie noch lang net dea,
dus siet er dêroer net yn noed,
dochs eage heal syn libben grau.
Hy liet him sakje yn de grûn
en klapte rekke, dat de stien
liet los en koe al gau nei boppen ta;
ynienen wie it klappen oer, gjinien
wie nei de grutte klap noch sûn,
it graufjoer woe it libben ha.
It myngas krong troch yn syn bloed,
dat net mear streame koe foar ’t brea
foar mem, dy’t bûgd stie by har soan;
de grize gie har oer de grouwe, nea
wer klonk oer ’t hiem syn golle groet:
‘Oant jûn!’ Se hearde noch dy toan.
* Constantin Meunier (1831-1905)
Byld ‘Graufjoer’
april 12, 2017
fan Jan Cornelisz Vermeijen*
As lieder fan it brulloftsfeest
ha ik in romme ûnderfining,
mar wat my no oerkommen is,
sprekt fan in nije geast,
dy fan ferbining.
De gasten kamen witwêr wei,
út Nazaret in frou, Marije
en ek har soan,dat wie wol wis,
dy hie syn folk ek mei,
it koe bêst lije…
… sa’t ik earst tocht, mar ’t gie my oan,
want doe’t it feest rûn nei de hichte,
murk ik betizing by de wyn,
’t wie tusken mem en soan;
ien fan myn plichten…
… is ’t priuwen fan de nije drank,
der stiene foar myn noas seis krûken,
ik wie ferheard, wat hold dit yn?
De soan moast ha de tank,
it feest koe ’t brûke.
* Jan Cornelisz Vermeijen (sirka 1504-1559)
Skilderij ‘Brulloft te Kana’