Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lepralijer

Bibelbylden

fan Rembrandt*

Ik ha krekt by de pryster west
en hy hat sjoen: ‘Jo binne suver,’
sei er, ‘tiid om no te offerjen.’
It fel wie glêd, it fielde bêst,
mar tagelyk wat nuver.

Al jierren stie ik bûten spul,
as lepralijer bûtensletten
troch de mienskip, iensum doarme ik
fan plak nei plak as skurve sul,
troch elkenien fergetten.

Mar tichteby my seach ik him
yn stilte op ’e knibbels lizzen,
Jezus, wist ik, makke minsken sûn;
ik rôp en hearde ’t oan syn stim,
hy hie my wat te sizzen:

‘Jo ha my yn de stilte fûn,
’t is goed, ik wol, jo wurde suver.’
’k Fielde my net mear in skurve hûn,
in wûnder… justjes nuver.

* Rembrandt (1606-1669)
Tekening ‘Jezus en de lepralijer’

admin

Gekke krêften

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

De wyn soe ’t hâlde by in trije,
helle oan nei fjouwer… fiif
en hold de skippers foar de gek,
dy setten foar de start it spul noch stiif,
allinnich Huzum woe de krêft net mije.

De krêft fan Jitze* waard wol minder,
sa koe hy net oan it roer,
in heale skipper wie te gek,
Baint Kramer naam it helmhout fan him oer,
de ‘Heale Moanne’ moast wol sile blinder!

De kop naam Douwe**, mar in flater
smiet him nei de middenmoat,
‘ferrek’ klonk op it achterdek,
‘te gek’ wie ’t kommentaar by ’t Fean oan board,
mar fierder is in skipper net in prater.

‘Doarp Huzum’ koe krêft fiif net hâlde,
’t skip sloech troch in twirre om,
dat leech wie doe it achterdek,
te gek foar mar ien wurd… of wie ’t eins stom?
Gjin swimmer waard dy dei op Grou ferkâlden.

* Jitze Grondsma
** Douwe Visser fan Snits

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum