Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ales smelle lot

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

Lytse Ale moast nei skoalle,
dus fan board, sa’t dat doe gie,
syn mem sei: ‘Leave jonge,
’t is net oars’… syn heit woe ha:
‘By omke komst op Smelle Ie’…
dus sette Ale op ’e smelte ta.

Lytse Ale hie de holle
net allinnich by it boek,
stie leaver by de Smelle
Ie en woe dêr niget ha
oan wyn en weagen, hy waard tûk
yn ’t sjen fan smelle wetters, dus doe sa.

Grutte Ale fan De Lemmer,
ek wend oan de Iselmar,
lei foaroan op ’e Feanhoop,
want sa woe syn lot it ha:
by omke wie de heit syn kar,
mar Ale pakte ’t earste plak, no sa.

* Ale Zwerver

admin

By de baarch lâns

Keunst

fan Marc Chagall*



Hy is de baarch mei sin passearre,
net dat er him de rêch takeart,
elk bist hat in begjin en ein
en wurdt nei ’t eigen aard wurdearre,
mar bargen binne foar de wet ûnrein.

De Toara jout er net út hannen,
beskermet er tsjin elk geweld,
tsjin ’t wrotten fan it minskebist
of oarloch tusken bruorrelannen,
ûnrein is wat de krekte rjochting mist.

Syn wei as Joad giet faakris hinne
en dan werom , syn wankel lot,
troch snie en hjitte, tichte mist,
mar mei de wurden dy’t meirinne,
de krekte rjochting wizend, want dat is ’t.

* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Joad mei de Toara’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum