mei 18, 2017
fan Henri Rousseau*
Se rûn de stêden út en yn
en poende har de fingers lam,
mar selden bleau in stedsjer stean,
de doarpen rûn se yn en út,
wat rapper, har fertsjinne lean
kaam del as wurdslach op ’e snút
fan ’t frommis fan de sljochte stam…
sa bedarre se yn de woestyn.
Dêr joech se har úteinlik del
nêst ynstrumint en wetterkrûk
en ûnder ’t folle moanneljocht;
de dreamen sloepen yn en út,
de fingers poenden doe mei nocht,
wylst oer har striek in liuwesnút,
dy’t rûkte oan de holledoek…
sa tegearre wiene sy in stel.
* Henri Rousseau (1844-1910)
Skilderij ‘De sliepende sigeunerinne’
mei 17, 2017
fan ûnbekend*
Petrus wie earst op ien ein,
want Jezus hie it oer in beam
mei minne fruchten, dat loek hy him oan:
‘Filippus,’ sei er, ‘sa hat er it sein,
it is foar my bedoarn!’
Petrus harket faak mar heal,
dus holp ik him gau út ’e dream:
‘In beam mei goede fruchten is der ek,
want soks stiet boppe wetter as in peal!’
Dat byld fûn hy net gek.
Noch woe Petrus derop ta
dat Jezus sei, hy harke net
en dat de die net nei syn wurden wie:
‘Ik woe graach Jezus justjes wizer ha,
dat is myn wize rie!’
Wer gie ik tsjin Petrus yn:
‘Hasto dyn geastlik hûs net set
op rotsgrûn, lykas Jezus dat graach sjocht?’
‘Jawis wol, gjin gefaar mei rein en wyn!’
Dat Petrus’ ein waard rjocht.