juni 19, 2017
Wa docht it yn de skuorre?
’t Is gjin fraach mear foar de boereswel,
dy’t meifljocht nei moderne tiden,
dan is de balke net yn tel,
tradysje hat te lang al duorre.
Sy docht it op in doaze,
want kontakt giet hjoed de dei lang mei,
dan bliuwe swellen net fansiden,
it nêst hjit wolkom aai nei aai,
sysels sit ûnderdak op roazen.
Hy socht it yn ferljochting,
wol sa helder yn de koarte nacht,
wylst sy waarmfearrich sit te brieden;
hysels hoecht dan net mear op wacht,
kiest foar de lol in oare rjochting.
juni 18, 2017
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Europa woe de wrâld ferkenne,
earst tichtby it eigen kontinint
en doe om alle kapen hinne
oant sels it gea fan kangeroes
en wie Europa ienkear wend,
dan rûn it út op winnen,
kriich it dêr syn twadde hûs.
Australië waard in koloanje
yn seis parten, soannen fan ien mem,
fier fuort, oer oseanen hinne,
bazinne fan de kangeroes;
mei har ferskuorrend lûde stim
liet sy de soannen stinne
foar har eigen lúkse hûs.
De soannen woene dat net langer,
praten ôf: ien steat op ’t kontinint,
’t moast sûnder harren mem bêst kinne,
de sprong wie as fan kangeroes;
Europa wie safier net wend,
moast sels har kostje winne,
kriich doe spul yn eigen hûs.
* Kaart fan Australië
** Symbolyk Australië