Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbele himelfeart

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Op it eilân Martinique
lei it havenplak Saint Pierre
mei tritichtûzen minsken,
gjin stêd wie oan dat plak gelyk,
want Mont Pelée hold trou de wacht…
wat hiene sy dan noch te winskjen?

Himelfeart, dat wie de dei
dat de katedraal fol siet;
it wie op slach fan achten
doe’t bûten gie it der omwei,
want Mont Pelée joech klappend acht,
gjin minske hie dy slach ferwachte.

Wolken riisden himelheech,
gloeiend fan fertarrend fjoer
dat rûn oer plein, troch strjitten
en lei de tsjerkegongers leech
mei boppe har de lavafracht…
wa koe noch fan de himel witte?

Twa, teminsten yn Saint Pierre,
ien siet yn de deadesel,
beskerme troch de muorren;
yn ’t sirkus waard er letter stjer,
it libben sels joech dêr ferslach,
it hat it alderlangste duorre.

* Foto ‘Gloedwolk fan Mont Pelée’

 

admin

Utspraak fan in bloeiende frou

Bibelbylden

fan James Tissot*



It is no oeral al bekend,
op strjitte moast ik it wol sizze,
want hy fielde ’t oan syn kleed,
dat ik mar justjes rekke hie,
fansels wie hy der wol oan wend:
om fan syn wurden neat te missen,
stjitten minsken him geregeld oan
en siken pakten him wol beet,
mar sa bin ik no ienkear net,
al floeide ’k jierrenlang al bloed,
it lichem hold him dus net oan de wet
dêr’t myn geast mei krêft nei stribbe,
mar dat hâldt ek ienkear op;
sa gie ik mei myn lêste moed
de strjitte op foar ’t nije libben,
want sa seach ik der tsjinoan:
myn geast soe op ’e nij wer floeie
nei in teken foar it lichem: stop!
En dat is bard, mar boppedat
sei Jezus dat myn leauwe wie ’t behâld,
myn geast en lichem mochten bloeie.

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘De frou dy’t bloed floeide’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum