juli 22, 2017
Wy wiene mei ús trijen,
seagen op ’e berch ek trije stean,
’t wie frjemd, ik kin der noch net by,
it wiene Jezus, Mozes en Elia
yn ljochtsjend wite klean;
myn broer Jehannes frege my:
‘Wêr giet dit eins op ta?’
Ik koe it ek net helder krije.
Wy sieten earst te slomjen,
Jezus lei op knibbels yn gebed
lykas er op ’e berch wol faker die,
gjinien wist doe fan Mozes en Elia,
’t wie ûndertusken let
genôch foar noch in goede rie,
wy moasten iten ha,
dat soe grif ek ús geast ferromje.
Ik koe it amper leauwe,
want ynienen like ’t ljochtskyndei
en Jezus wie yn drok petear,
no wit ik it, mei Mozes en Elia,
’t wie Petrus dy’t wat sei
oer tinten bouwe en soks mear,
mar Jezus woe ’t net ha…
doe seach ik dat der wolken dreauwen.
* Ikoan ‘De ferhearliking op ’e berch’
juli 21, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
It woe net mear de lêste jierren,
mei Emanuel wie God net mear,
mar Earnewâld hie neat misdien,
dus wiene sy mei ’t skûtsje klear…
wat waard doe iepenbierre?
Jehannes Taekema hie libbe
foar syn skûtsje dat wol sile woe
en dêr’t er dea mei foer nei ’t doarp;
de Earnewâldsters fregen: ‘Soe
dat skip nei ’t heechste stribje?’
It keappetear hat net lang duorre,
it gie om ’t ruiljen foar Emanuel
en noch in kapitaal derby;
it âlde skûtsje bleau yn tel,
wol minder as ‘Twa Bruorren’.
De fraach bleau: wat wurdt iepenbierre
yn de takomst as it oankomt op
de striid fan Grou oant Snitser mar,
berikt it lykfarskip de top
of wreekt God no fan fierren?