augustus 12, 2017
fan ûnbekend*
’k Jou ta, it komt mar selden foar
dat Joaden troch ús buorren komme
op trochreis nei Jeruzalem,
mar leau my, ’k wie folslein ferstomme
doe’t twa stiene foar ús doar.
Se fregen my om ûnderdak,
ik hie it earst net yn de gaten,
it wie benammen foar har hear,
in Jezus, ek foar al syn maten,
myn reaksje wie: ‘Gjin plak!’
Wat tinke se dat ik de baan
fan taper ha, it moat net gekker!
Se fiere yn Jeruzalem
mar feest, dat smakket ús net lekker…
’k bin op ’t lêst Samaritaan.
Foto ‘Samaritaansk lânskip’
augustus 11, 2017
De loft hat skaden strutsen
oer de mar, as spegel suver flak,
de reiden heine noch in twirke,
de Fluezen suchtet: ‘It is blak,
ha skippers har konklúzje lutsen?’
De seilen binne strutsen
by de startboat, boppe ’t stille reid,
noch fjouwer hoopje op in twirke;
wat ek de loft der no fan seit,
sy ha noch gjin konklúzje lutsen.
De reiden ha fernommen
dat in suchtsje oer har hinnestrykt,
noch foar it brekken fan de spegel;
wannear’t de blakte einlings wykt,
is de konklúzje: lit mar komme!
Fiel hoe’t de spanning brutsen
is, acht skippen ha de seilen bak.