oktober 16, 2017
Al jierren is de kop derôf,
mar ’t stobbeguod lit him net kenne,
sjit de pylken wer de hichte yn,
it stekt by wylgen net sa nau,
se kinne oan feroarings wenne.
It stekt altyd de djipte yn
om stammen fêstichheid te bieden
en oerein te bliuwen yn de stoarm,
as pylken swypkje yn de wyn,
dan sil gjin stobbe dêrtroch bliede.
Dêr tusken stammen rikt de hei
noch heger as de wylgepylken,
tydlik mar foar ’t stjitten yn de grûn,
de klappen binne moarn foarby…
de fêste nijbou sil fier bylkje.
Mar stjit de stoarm de kap derôf,
dan sil gjin pylk dêr aardzje kinne.
oktober 15, 2017
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
De striid gie om belangen
yn it fiere Mantsjoerije
tusken Ruslân en Japan,
it rûn heech op nei ’t swijen
fan de Rus, dan mar it oarlochsplan.
It lân fan hege rangen
yn Europa woe ek klimme
yn it easten om Japan
belangen te ûntnimmen
mei ’t romme útsicht fan ien man.
It sicht gie net oer weagen
dêr’t de oarlochsboaiems strieden
om Port Arthur, skot nei skot,
de Rus moast swijend biede
oan de oermacht fan de Jap syn lot.
De oarloch liet de koppen
rôlje, ek de dea moast winne
op in eastlik striidtoaniel,
gjin nijs kaam fan de sinne,
want ferliezers krigen sa har diel.
* Foto ‘Russyske troepen op in útkykpost’
** Foto ‘Japanske soldaten eksekutearje ferrieders’