oktober 20, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Al streekje wolken ’t wetter griis,
de skûtsjes brûzje der oerhinne,
kleurich, mei de hope op in priis
of skoot it needlot foar de sinne?
De liuw is roppich, rint hjoed hurd,
ferwachtet op it griis te winnen,
mar it swurk lûkt narjend oan de sturt,
it needlot lit it bist net rinne.
Sjoch hoe’t syn kop stekt foar it Fean,
bretaalwei sa’t dy rôvers kinne,
konkurrinten ha ’t der net op stean,
dus hat er oan it Fean in minne.
De liuw draaft troch, jout him net oer,
lit him op ’t striidtoaniel net kenne,
mar it grize needlot smakket soer,
wa’t roppich is, moat dêroan wenne.
oktober 19, 2017
fan Vincent van Gogh*
It komt op lade, dan wer losse oan,
de djipgong neffens swierte,
’t begjint al yn de iere moarn
en letter rint it út op switte.
Hy kroadet turf oan; dat er ’t lykwicht hâldt,
komt troch it wurk fan jierren,
de winters binne glûpend kâld,
de rop om waarmte komt fan fierren.
Sy bûcht har oer de bult en lûget rjocht
foar ’t lykwicht op ’e boarden,
de jûnen binne sûnder ljocht,
de rop waait oan út fiere oarden.
Sjedêr it ljocht dat kleuret simmerdeis
it suden, fêste moade
fan lizze, dan wer ûnderweis…
foar beide jilde swiere kroaden.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Turfskûte mei twa figueren’
Skilderij ‘Kade mei sânskûten’