oktober 22, 2017
fan ûnbekend*
Hoe kin in boat in rampskip wurde,
lykjend op in generaal
dy’t yn it findel hat as ideaal
dat dieden rize boppe wurden.
Yn trettjin jier safolle rampen
as it tal fan ‘no is ’t fol’,
de achtste easke doe it heechste tal,
it fjoer ferfriet de wetterdampen.
Wol trettjinhûndert fromme minsken
foeren op ’e Slocum mei
om te genietsjen fan in gloarjedei…
ferfolle wiene alle winsken.
Fol fjoer waard fan Gods gloarje songen,
mar ynienen wie it oer
doe’t yn it foarskip lôge heech it fjoer,
it razen rôle oer de tongen.
Kaptein Van Schaick koe ’t fjoer net keare,
foer mei ’t rampskip milen troch,
it dragen fan in swimfest wie omdoch,
op ’t dek koe nimmen noch ferkeare.
It needlot trof diskear de frommen,
lykwols is it tal al fol,
dan wit men: elk betellet mooglik tol
as flammen oer de holle komme.
* Yllustraasje ‘General Slocum yn fjoer en flam’
oktober 21, 2017
fan Peter Paul Rubens*
Net dat ik wer nei hûs ta wol,
mar by ús master falt it wier net ta,
hy freget nochal wat fan ús:
him stelle boppe frou en bern
en drage dan ek noch ús krús.
De fraach is: hâlde wy it fol
en ek wêr giet dit op it lêst op ta,
wa hat it no oer ’t eigen krús?
Wy moatte nei de takomst sjen,
woe Jezus ha, dus net nei thús.
Hy joech it foarbyld fan de bou:
set net útein foardatst de kosten witst,
oars komt it bouwurk grif net klear,
’t ferbân mei ús koe ’k earst net sjen,
fan jild en sa wit Judas mear.
It twadde foarbyld kaam al gau:
in kening dy’t strategysk ynsicht mist,
ferliest de slach… is dat syn krús?
Wy moatte it faaks sa besjen:
it krús heart grif by Jezus thús.
* Peter Paul Rubens (1571-1640)
Skilderij ‘Bartoloméus’