oktober 26, 2017
fan Cornelis Troost*
Hy sit der proastich by
mei grize prúk en glêd it kin,
in búk dy’t justjes bollet,
alles oan him eaget nij,
syn hâlding is lykas ‘Ik bin…
… fan berte ôf mennist,
de ienfâld sprekt my tige oan
en wat it libben follet:
keunst fertelt perfoarst waast bist,
by my sit Muze op ’e troan…
… ik ha it yn de hân,
in giel papier mei tekenkeunst,
de klanken yn de fingers;
Rome sjongt en Grikelân
skinkt my syn harmony as geunst.’
Hy draacht it unifoarm
fan drummer dy’t er wurden is
troch slaande stok op tromme,
slacht in roffel as alarm
en is al fan syn takomst wis.
* Cornelis Troost (1697-1750)
Skilderij ‘Portret fan in lid
fan de Van der Mersch famylje’
Skilderij ‘Jonge dy’t op ’e tromme slacht’
oktober 25, 2017
fan ûnbekend*
Al jierren ha ik learaar west
om Mozes’ wet te ûnderwizen,
dêrom wit ik hoe’t it sit
en ek dat men de sûnder mijt,
dy Jezus lykwols leart dy rest,
sa’t ik se neam,
ik kin der wol fan grize.
Hy kaam mei in ferhaaltsje oan
om ús op syn gelyk te wizen,
fan in hoeder mei syn skiep,
fan hûndert rekke hy ien kwyt,
dy sette neffens him de toan,
sa’t ik it neam,
hy hat dy iene prize.
Gjin tinken oan dat ik it bin,
dy hoeder om mar ien te sykjen,
boppedat is ’t in berop
dat elkenien it leafste mijt,
dy Jezus praat himsels dus tsjin,
sa’t ik it sjoch,
bliuwt hy as learaar stykjen.
Yllustraasje ‘De goede hoeder’