Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wif en wis

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2006

It waar wie wif, in bui kaam oer,
de wyn wie sinnich, striek mei flagen
oer de Iselmar;
de kar foar slaggen wie in toer,
yn elke rûte riisden fragen.

Mar net by Epie*, fokkenist
op Grou, dy’t taret wie op wetter,
alles like bar;
hy hat neat fan de spanning mist,
waard kôgjend net in gramke fetter.

In oar gesicht kaam strieljend oer,
de eagen heal ticht troch de sinne,
krekt wie Allards** kar;
sa’t ‘Oeral thús’ de wedstriid foer,
soe ’t skûtsje op De Lemmer winne.

* Epie van der Pol
** Allard Syperda fan De Jouwer

admin

Tinke

Keunst

fan Auguste Rodin*
fan Paula Modersohn-Becker**

Wêr sweve minskes tinzen hinne
as er ienkear sitte kin,
jout dan it wrâldferrin noch sin,
de grûn of hegerop de sinne?

Syn sit is neaken en de eagen
stoarje lang al nei de grûn,
dêr’t hy noch net de útkomst fûn,
syn libben hat him altyd pleage.

It lichem weaget nei de holle,
dêr’t de brâning rûzet, mar
fiert oan wat bringt him yn de war,
de troep op ’t strân is him tefolle.

Har sit is klaaid mei ûnderfining
fan op libbenslange grûn
oan ’t wurk, sy hat folslein har jûn
en weaget tinkend op ’e dining.

De smelle holle falt yn tearen,
jout de eagen rom har plak,
lavearjend yn it lêste rak,
sy jout har del, gjin stoarm sil beare.

* Auguste Rodin (1840-1917)
Byld ‘De tinker’

** Paula Modersohn-Becker (1876-1907)
Skilderij ‘De âlde boerinne’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum