november 9, 2017
fan Marc Chagall*
It wite ljocht strykt oer it doarp
en skampt it giel fan de lantearne,
wylst de staasje stekt skerp ôf,
de stap deryn, de oaren steane.
Sy ljochtet strieljend as de breid
en wol har al mei him ferbine,
wylst syn swart hâldt justjes ôf,
syn stal rint op mei it ferline.
De tiid stiet stil op dizze dei
by wat hy strykt út syn fioele,
sa ferbynt hy man en frou,
sy moat der sûnder lûd om gûle.
It feest rint fleurich nei de ein
en ’t wite ljocht glydt nei de stjerren,
mar wat folget, komt al gau,
dat lûd wol hy it leafst net hearre.
Mar foar de helte is hy heit,
hy sil har dêr noch faak op wize,
want sy is en bliuwt as frou
de mem, dat moat men net fertize.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De brulloft’
Skilderij ‘It pear’
november 8, 2017
fan ûnbekend*
Broer Petrus siet hjoed wer foaroan
doe’t Jezus oan it learen wie,
want better learling is der net,
prinshearlik sit er op ’e troan,
hy foel derôf en hie it dus net ret.
In feint, sei Jezus, docht syn plicht,
ek as er nei it wurk fan ’t lân
komt, want it miel moat dan noch klear,
gjin sprake fan in noartsk gesicht,
sa is it feintelibben no ienkear.
Broer Petrus loek in noartsk gesicht
doe’t Jezus sei, wy wiene feint,
dêr kaam it yn ’t bestean op oan,
net oars dwaan as gewoan ús plicht,
dat Petrus moast as feint wol fan de troan.
* Boarne: barefootpreachr.files,wordpress.com