Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Langwarder skûtsjesilen

Skûtsjesilen
Ut it skûtsje-argyf 2007 PDF Print E-mail
Image

It fart de ‘Nostalgie’ foarby,
de skûtsjefloat fan mar nei mar,
hjoed fan Terherne nei Langwar,
sa is it alle dagen nij.

Image

Deselde wyn, mar net de mar
dy’t mei it swurd te peilen is,
wa’t djipte mist, dy rekket wis
mei roer en skoaten yn de war.

Image

De wynsek rjocht, de sjoggers skean,
de lege falken dûnsje op
it weageritme, mei de kop
nei’t skûtsjefjild, fûl as in earn.

Image

De skippen fleane mei in reef,
‘Doarp Grou’ lykwols mei slingermêst
docht dizze dei it nij en bêst
en hâldt op hichte it ek geef.

Image

admin

Utswitten kleur

Keunst

fan Marc-Henry Meunier*



Sels hat er yn de groppe sitten
njonken syn gewear en proviand,
foar him in muorre, folle sekken,
fijâns kûgels kearend, want
it sjitten waard gjin oere litten.

Sjoch de ynslach,
ien, twa, trije, fjouwer, fiif,
hy is de tel al kwyt,
mar net syn holle,
efkes mar der boppe-út,
de ûnderkant is wyt,
de boarsten fan in wiif
en bloed oer ’t bleate fel,
mar wêr is no har holle
mei de mûle foar in tút?
Dêr slacht de kleur al del
op lege loft en ierde,
fjoerwurk foar it stammefolk,
dat lang de krún al mist
troch net te tellen dieden,
ien, twa, trije, fjouwer, fiif,
fuort waait de grize wolk
en sjoch, dit is ’t…

Sels hat er yn de groppe sitten,
withoelang en oan de goede kant,
hy is net troch in kûgel rekke,
kaam derút as fêste klant
fan ynslachkleur, op doek útswitten.

* Marc-Henry Meunier (1875-1922)
Skilderij ‘It Sas Bosk’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum