december 4, 2017
As lytsen kleurkrêft krije,
is de rûnte samar fol,
elk hat syn plakje krigen
yn relaasje ta de bol.
Miljarden op ’e ierde
fergje fan de rûnte tol,
ûntkenne is as lige,
blyn is hy lykas de mol.
As oan de ein de kleurkrêft
fan it kâlde waar ferliest,
de ierde swit fan hjitte
en de wetterspegel riist…
… ferwachtsje dan de maitiid,
dy’t de krekte mjitte kiest,
dat ligers derfan witte
hoe’t de bloei de rjochting wiist.
december 3, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2008
Langwar fan hichte en fan djipte,
faak al ha dyn wjukken draaid
de wyn yn ’t folle seil,
mar lei dyn float ek net ferwaaid
mei tongerwaar en heil?
Ek hjoed ha twirren ’t swurk oanjage,
driigjend oer de hege mêst,
wylst drippen sloegen fûl
de lea fan doek en stiel ta lêst,
de wyn wie sûnder doel.
Wat sil men dan op ’t wiet begjinne
mei ’t de skûtsjes falle stil
de deadske djipte yn;
al hat de skipper noch sa’n wil,
hy mist de geast fan wyn.
Mar brekt it blau de skiere hichte,
dan sjocht men wat der bart:
de geast waait oer de mar,
it earst nei de ferlette start,
de skipper hat gjin kar.