Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gewoan dwaan

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2008

Snits, stêd fan poarte nei de mar
dêr’t wetter spat foar master op
om ’t skipsfolk wat te sizzen:
‘Wa’t ûnder giet, ferliest de kop,
mar boppe komt, wa’t bliuwt yn ’t far.’

Image

De dei begjint mei ’t giel en swart
dy’t klappe boppe yn de mêst
om ’t stedsfolk dit te sizzen:
‘Hjoed bine wy de wimpel fêst,
omdat de Panne bliksems fart.’

Image

De middeis knalt de lêste start
foar fjirtjin oan it firmamint,
de loft hat dit te sizzen:
‘Ik stjoer de wyn en wa’t it wint,
wit dat it troch myn wolken bart.’

Image

De earste rûte ken gjin kar
foar Snitsers tusken oaren yn,
it read hat dit te sizzen:
‘Protest, gjin wetter by de wyn,
it perspektyf is swart as tar.’

Image

It stedsfolk sjocht it grizend oan
en ’t jongfolk siket oars syn heil
en hat noch dit te sizzen:
‘De wetterpoarte yn it seil?
Net cool, wy dogge it gewoan.’

Image

admin

Twivels fan Judas

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Wy wiene allegear ferstomme,
leauwe diene wy it net
wat Jezus fan ’e middei sei,
it hat my oan it tinken set:
it koe der, leau ik, wol fan komme.

It gie oer dea en wer ferrize,
ek oer gekoanstekkerij…
wat barde op ’e tredde dei,
dêr koene wy alhiel net by,
afijn, de takomst sil ’t wol wize.

Want mei it each op syn ferline
ha ’k myn twivels wolris hân,
ús master komt net altyd nei
wat hy fertelt, ’t leit foar de hân
dat oaren him de hannen bine.

* Ofbylding Missale Romanum:
‘Jezus kundiget syn lijen en stjerren oan’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum