december 14, 2017
fan Otto Friedrich*
fan Paula Modersohn-Becker**
De eagen binne min te sjen,
dochs steane dy wol iepen
om harsels folslein te sjen,
niis lei se noch te sliepen,
dreamend oer har glêde hûd
en wite jurk om yn te stappen
mei gelyk de goede foet,
dêrnei hat sy noch efkes gappe.
De aap lit har de wierheid sjen,
foar har in minne spegel,
sûnder mis wat sy net kin;
sa is de âlde regel:
hûd en jûpe passe goed
as beide spegels ’t witte litte,
mar streamt stadiger it bloed,
dan sille beide rommer sitte.
It libben is har oan te sjen,
sy hat gjin spegel nedich,
sjocht foar har de tiid fan ’t bern,
de takomst eaget fredich.
* Otto Friedrich (1862-1937)
Skilderij ‘Idelheid’
** Paula Modersohn-Becker (1876-1907)
Skilderij ‘De âlde boerinne’
december 13, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2009
It wiene mêsten dy’t it diene,
moarns al fan de beareklau
tsjin loften stiiffol wyn,
fan buien swier en grau,
in teken hoe’t se by Grou stiene?
It wiene fjirtjin keale mêsten
yn twa slepen oer de mar,
mei gong de Tynje yn,
dêrnei wie der gjin kar,
se libben ûnder swiere lêsten.
Hoewol’t de tugen oan har loeken,
holden sy de rêgen rjocht;
de nije fan Doarp Grou
waard winner yn ’t gefjocht
en mocht dus oan de flagge rûke.
Ien strûpte yn de striid derûnder
om’t er it net hysje koe
tsjin Starums skerpe frou,
mar lykas Grou it woe,
sa diene trettjin it foar wûnder.