Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stille freed

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2009

De starttoer baait hjoed yn de sinne
sûnder dat dêr starte wurdt,
wat hat sa’n stienbult noch foar nut
as op dat plak gjin skûtsjes binne?

Image

It striidfjild leit der strieljend hinne
mei de boaten fan it nut
dy’t soargje mei gebeart en wurd
dat skroef en seil net fierder kinne.

Image

En lit in skip ’t alarm lûd klinke,
dan komt rêding net te let,
de ambulânse lit it hert
wer rinne, nimmen sil ferdrinke.

Image

Want sjoch de Snitser mar hjoed lizzen
yn de sinne sûnder need
mei skûtsjes op in stille freed,
gjin skipper hat noch wat te sizzen.

Image

De finish sil de spanning brekke
yn wol hûndert kear jûchhei,
want Grou nimt fraai de wimpel mei
en sil de flagge mêstheech stekke.

Image

admin

Klim fan Sachéus

Bibelbylden

fan Jan Luyken*

It komt frjemd oer, ik jou it ta,
om yn in beam te klimmen
as garder fan de tol,
myn eagen moasten har gerak ek ha,
se soene noch fan blidens glimme.

Ik bin mar lyts, woe him wol sjen,
en dus moast ik wol klimme,
ik siet net yn myn rol
as garder fan de tol… as wie ’k in bern,
doe hearde ’k yn de fierte stimmen.


It waard ynienen stil, de stim
fan Jezus koe ik hearre:
‘Sachéus, ’k bin dyn gast,
kom rap wer by de stam del nei dyn klim.’
Ik jout it ta, bin doe opfearre.

’t Kaam by in protte folk frjemd oer,
de master by my ite;
ik helle út ’e kast
jild foar de earmen, ’t wie foar my gjin toer…
de klim hat my gjin oere spiten.

* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Jezus sjocht Sachéus yn de figebeam’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum