januari 1, 2018
It wie op âldjiersdei,
doe’t noch gjin knallen klonken
op it keatsfjild by de tsjerke
mei de lytse wizer foar de tsien,
de grutte wie noch yn de draai
nei ’t hiele oere.
Hy gie hjoed wer op wei,
al kreaken him de bonken,
om de lêste dei te fieren,
want yn ’t hiele jier wie der mar ien
dy’t him sa klear de wierheid sei:
de lêste oere.
De wierheid hat in rop
dy’t klinkt as tolve slaggen
op it keatsfjild en yn tsjerke,
want dêr komme minsken fan de dei,
yn ’t nije jier slaan sy ek op
foar wer in oere.
december 31, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2010
It is Langwar, it doarp mei grutte plannen,
fjouwer skûtsjes yn en út ‘e striid,
safolle swannen troch de tiid
en tonnen jild om hannen.
It is Langwar mei Wiellen en mei reiden,
fiergesichten foar it skerpe each,
dêr’t Eurofyl wol jild yn seach:
sylfilla’s yn de greide.
Wêr is Langwar, it skûtsje mei al ’t nije,
want de âlde skippen hawwe west,
it sylt as lêste mei protest,
mar ’t kin hjoed noch wol lije.
Sjoch hoe’t it reid en sompeblommen wiuwe,
no noch skerp foar each en fotolins,
wylst skippers stride op ‘e grins
om foar de oar te bliuwen.
Dan komt yn byld hoe’t skûtsjes linich draaie,
yn de foarein wikselje fan plak,
De Jouwer sylt syn bêste rak
en sil fiktoarje kraaie.
It is Langwar, noch mei protest, as stive
lêste, mar net út op noch mear skeel,
it bliuwt mei reiden fisueel…
hy giet foar ’t auditive.