Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Krús foar de Fluezen

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2010

Image

De Fluezen, wetter fan de fierte,
mar wa siket dêr dan bosk,
de lijte fan de Dútske wâlen
om te harkjen nei de mosk
yn ’t reid? It is de groei fan pôlen,
yn de namme noch it krús,
dêr klonk gjin tsjilpen, wol it sjitten.

Image

Mar foar’t de fjouwer skotten klonken,
socht it startskip earst in plak,
de boat foar boei en bal de sjouwer,
lizzer fan it earste rak,
it stee foar ’t starten fan De Jouwer,
proef om op ‘e streek wat thús
te reitsjen, straks sil’ t skûtsje bonkje.

Image

De skipper fan Doarp Grou koe sitte
by de proef fan hoe soe ’t gean;
oer stjoerboerd starte doe De Jouwer,
skreppend moast de skipper stean;
it needlot kaam foar Grou wat gauwer
as de ein, it waard syn krús,
hy koe it finishskot ferjitte.

Image

admin

Petear yn de nacht

Bibelbylden

fan Henry Tanner*



Ik kin ’t oars kreas op rigen krije,
mar sûnt fannacht bin ik derôf,
fannacht… ik doarde net oerdei
nei Jezus, ’t stekt by learaars nau,
ik moat de konfrontaasje mije.

Ik rûn al tiden om mei fragen:
hoe kin ien sokke tekens dwaan
as God is him net tige nei,
wa soe him oars dy folmacht jaan?
’t Begûn my justjes wat te daagjen…

… mar amper ’t antwurd fan werberne,
wat Jezus fan my hawwe woe,
dochs net út memmeskurte wei,
ik wist net fan it wat en hoe,
hy sei, ik moast de Geast wol kenne.

As learaar moast ik better witte,
mar dochs… hy spriek oer himelheech
en ierdeleech… al wat er sei,
ik jou it ta, wie nochal dreech…
mei Jezus kin ik my net mjitte.

* Henry Tanner (1859-1937)
Skilderij ‘Nikodémus en Jezus op in dak’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum