januari 11, 2018
fan William Turner*
Har plak is op ’e houten pier,
dy’t kreaket fan it weachgeweld,
te wif is foar in goed hâldfêst…
wa hie it hjoed oer stjerrend wier
dat elke oere fiskjen telt
en ’t seil hat stipe fan de mêst?
De stipe jildt net foar de frou
dy’t wankel oer de planken rint,
by buorfrou siket om hâldfêst…
wa hie it oer ’t fertroude tou
yn hannen fan in flinke fint,
dy’t wis by need klimt yn de mêst?
Ien tou bliuwt acher op ’e pier,
’t moast los fanwege legerwâl,
te hastich, want it waard ta lêst…
wa hie it hjoed oer stjerrend wier,
it falt wol ta, it giet net mâl,
wy hâlde ús oan Gods help fêst?
* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘De pier fan Calais mei Frânske fiskers’
januari 10, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2010
De Lemmer, eartiids plak fan aken
yn de romte ûnder loft, op see,
foar fiskers boaiems ûnder learzens,
wif en glêd, har fêste libbenstaak,
faak ier en let wer op it stee.
Sa’t like, Earnewâld foar saken
fier fan ’t startskip, by it skot te let,
mar skerp waard syld en tûk ek keazen
slach nei slach, gjin draai te faak,
sa’t like, Earnewâld hie ’t ret.
Mar soe De Lemmer op syn wetter
as eartiids de aak der ek foar gean
en brûzje om op kop te kommen?
’t Silen mei protest as taak
jout faak foar ’t wrotten minder lean.
De Lemmer, hjoed mei minne loften,
driigjend boppe Grou en ’t Hearrenfean,
de foarsten by in wyn dy’t romme
mei in simmertwirre, saak
foar Earnewâld om rjocht te stean.
Mar Earnewâld koe ’t spul wol hâlde,
sylde mei in skuor sels skerper oan
de wyn, soe sa noch neier komme
by de foarsten, kriich de smaak
te pakken, mar krekt net de kroan.