januari 15, 2018
De dyk rint deun by ’t spultsje lâns,
de streken, wyt as de kezinen,
wize nei de grize bocht,
it moas fertelt fan in âld muorre,
sy koe de rêst hjir fine.
De jierren troch wie ’t yn balâns,
want alles kaam troch har yn streken;
wylst se faakris oan him tocht,
dy’t streke op it doek mei ferve,
wie dit foar har it teken…
… dat sy rjochtop bleau yn ’t bestean
sa’t hy rjocht die oan syn ambysje;
’t fee fersoarge sy mei nocht,
rûn tusken ’t bûthús en de skuorre,
koe alles lang noch hysje.
De skonken rekken justjes skean,
’t fabryk kaam net mear om har molke,
’t eigen paad hat sy doe socht:
mei rjochte rêch kezinen ferve
en ’t bûthús bleau befolke.
Har folk kaam foar de frou oerein
en seach mei niget har wer kommen
mei de rêch wat yn in bocht;
har ein kaam tusken eigen bisten,
foargoed is ’t lûd ferstomme.
januari 14, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2010
De himel hat it hjoed foarsein:
it blau sil ’t fjild behearskje.
As liuwen hingje yn de mêst,
dan is de kommissaris op ien ein
by ’t Hearrenfean, dy is ’t al fêst.
De kampioen kin ’t fjild oersjen:
as liuw sil Piter* hearskje
yn de midden fan de skûtsjefloat,
Langwar hat by de boei de striid ferlern,
al lizze se noch board oan board.
En as de finish komt yn sicht,
dan wurdt it anker lichte,
want de kommissaris moat as liuw
fan Fryslân fluch derhinne foar syn plicht
te âljen, driuwe op syn driuw.
Op ’t skouder komt de kamera,
want daliks sil it heve:
’t Steatejacht fart nei de finishboat,
dêr folget op it skot jûchhei, hoera
en fan de heechste liuw in poat.
* Piter Brouwer