februari 10, 2018
fan ûnbekend*
As hegepryster fan de Hege Rie
ha ik wol wat te sizzen,
sels ûnder de Romeinen,
mar it wurd wurdt folge troch de die,
it sil net oan myn ynbring lizze.
De tiding oer in man út Nazaret
hat minsken sprekke litten:
‘In deade waard wer libben!’
Soks giet yn tsjin ús ferstân en wet,
mar ’t folk sil dat net gau ferjitte.
De spanning yn Jeruzalem nimt ta:
in protte folk op strjitte
lit him yn ’t sok meislepe,
mar soks kinne wy as Rie net ha,
elk moat syn komst ús witte litte.
As hegepryster ha ik juster sein:
‘Lit him foar ’t folk mar stjerre,
dat is foar alles better!’
Stjerrend wier, de dea wurdt net ferslein
troch him, lit dat rûnom mar hearre.
* Yllustraasje ‘Hegepryster Kajafas’
februari 9, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2012
It wie noch foar it grutte barren
dat it griene skûtsje, lyts en âld,
as spoekskip tusken grutten foer,
want waard it Lemster waarm of kâld
en soe it Snitser oan de ein ta farre?
Se starten yn in lange rige,
kop oan kont, it skode yninoar
lykas it spoekskip hawwe woe:
it griene Snitser hie gjin kar
en hat it ûngelok fan foaren krigen.
De Lemmer lykwols die it better,
krige wjukken, lei al gau foaroan,
mar woe it spoekskip dat sa ha?
It rôp it brune nei de troan,
dat Earnewâld waard hearsker oer it wetter.
It lytse âlde griene skipke
wie yn ’t wedstriidfjild net mear te sjen,
mar spoeke wol mei grien en brún,
sa ha de grienen it ferlern
en krige brún fan grien in ekstra wipke.