februari 23, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2013
De iere moarn joech tonger oan,
in bolderlûd, in smoarge loft,
mar op it wetter lei de hope
fan it tsjerkeskip, in oare toan…
it starten duorre noch in skoft.
It wie safier, de startboat lei,
de boei waard yn it wetter ploft,
omheech en der wer yn, in oere
lang, in kapmiuw wiisde sels de wei,
it starten duorre dus in skoft.
’t Gie oan, de sinne liet him sjen,
briek lûdleas troch de wolkeloft
en friet de lêste wyn, gjin hope
mear op striid, de kapmiiuw rôp as fan:
‘Jou my noch mar in langer skoft.’
februari 22, 2018
fan Ferdinand de Braekeleer*
It fieden is in saak fan iten jaan,
de mûle iepen, dan deryn,
de tosken mealle it wol fyn,
’t is mei de leppel wol te dwaan.
Mar stiet foar fieden noch it wurdsje op,
dan komt de holle der ek by,
it hert lit syn gefoelens frij
en fiert de funksjes nei de top.
It funksjonearre yn ’t ferline oars:
de bernemûlen rûnen oer
fanwege masters letterfoer,
it kaam de jonges út ’e noas.
En masters fingers funksjonearren sa:
se loeken ’t ear hast út ’e kop,
it letterfieden hold dan op,
hy moast it fan de kneppel ha.
De kneppel hie in domino-effekt:
fan jonge, famke nei de stoel,
úteinlik miste er syn doel…
in jongesmûle rôp: ‘Ferrek!’
* Ferdinand de Braekeleer (1792-1883)
Skilderij ‘De doarpsskoalle’