februari 25, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2013
It wie in optimistysk barren:
weagjend wetter, rûzjend reid
en blau-giel op ‘e lytse float,
it wiere silen waard in feit,
de optimist hie wyn opsparre.
It skippersrjocht wie trije starten,
twa kear falsk foar Snits, doe rap
op gong mei frije wyn oan board,
foar Huzum kaam der ek in flap,
dochs spile spanning him flink parten.
Hjir sylt de nije noch as twadde
sûnder wjerljocht oan de kym,
mar op ‘e finish bart de moard,
gjin tongerwurd is dêr op rym…
Doarp Huzum hat himsels fermoarde.
februari 24, 2018
fan Giotto*
My is noch nea in bist ûntstellen,
mar hjoed soe ’t wêze, tocht ik earst:
twa manlju rûnen nei myn fôle,
ik derhinne, want dat earme bist
waard grif net om ’e nocht ophelle.
Ik ha ’t net daliks heech opspile,
mar frege freonlik nei it doel:
har master moast myn fôle brûke,
sa op ’t each wie it in frjemde boel…
hie ik it bist dêrmei ferspile?
De boel wie amper te fertrouwen,
dat ik der hastich achteroan,
wat ik doe seach, ’t koe amper mâler:
stapte dêr myn fôle as in troan?
Dêrop gjin foarst mei gouden mouwen.
Gewoan in man, as kening eare,
in foarst dy’t op myn fôle siet,
dy eare koe ik ek wol brûke,
’t fielde as iksels oer strjitte ried…
en ’t folk mar oer ús yntocht beare.
* Giotto (1266/1267-1337)
Skilderij ‘Yntocht yn Jeruzalem’