februari 15, 2018
fan Rembrandt*
Ik stie derop, noch oan ’t begjin
en hie net folle ûnderfining,
dus keas ik foar it selsportret,
want mei mysels hie ik de measte bining.
Goed tweintich wie ’k en seach de sin
noch lang net yn fan myn ferskining
yn harmony mei ’t inerlik,
ik wie noch jong en libbe op ’e dining.
In skilder dy’t himsels net ken,
jout wer in masker, mar gjin wêzen,
sa woe ’k as jonge keunstner net,
dus út myn eagen is noch neat te lêzen.
Dêr stean ik wer, no oan de ein,
mei ûnderfining troch it libben,
dus keas ik foar it selsportret,
ik ha nei withoefolle sjenres stribbe.
Goed sechtich bin ’k, dêr is ’t mei sein,
lykwols lit ik de eagen sprekke
yn harmony mei ’t inerlik,
foardat, it is sawat safier, dy brekke.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Selsportret op jonge leeftyd’
Skilderij ‘Selsportret’
februari 14, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2012
De eagen geane fan de wolken,
dy’t brûzje by it swurkblau lâns,
nei ’t wâljend wetter fan de Fluezen,
alles liket yn balâns.
Mar sjoch de twirren oer de weagen,
gjin skûtsje hâldt de mêst hjoed rjocht,
de liuw moat hingje, wurdt bedrige,
wylst er earst wat striidnocht brocht.
Elk moat wer bûge foar de poarte
dy’t beide tuorren heger stekt
en lykop brûzet mei de wolken,
yn balâns, sa is ’t mar krekt.
Korrekt is ’t net fan de Centauer
dy’t yn it skûtsjefjild fersylt
en balansearret tusken read en
brún, in disharmonysk byld.