februari 17, 2018
fan ûnbekend*
It gie my net om eigen eare,
út respekt ha ik it dien,
men kin ’t ek leafde neame;
spontaan bin ik derhinne gien
en liet de nardusoalje streame.
Gjinien koe my op dat stuit keare,
’k hie der alles wol foar oer,
myn leafde ha ’k útgetten;
ien sei, it wie him fierste djoer,
de earmen waarden sa útsletten.
Mar Jezus sei, ik hie yn eare
holden syn begraffenis;
ik koe dat doe net witte,
mar nei de tiid is it wol wis:
foar altyd sil de leafde jitte.
* Alter mei opsetstik ‘Frou salvet Jezus ’ fuotten’
februari 16, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2012
It hat wer west, de striid is oer,
sintraal stiet hjoed de kampioen,
de Snitser Pan, net te besilen,
Douwe* hold yn ’t each de dûbeltoer,
hat wer de blauwe wimpel wûn
en boppedat Olympysk spile.
Dêrachter lei de middenmoat,
gjin sicht mear op it Snitser grien,
mar wol op ’t mearke op ‘e planke,
trije lieten los de fokkeskoat,
de loetes waarden swier as stien,
allinnich troch ’t Olympysk fanke.
Fier achter lei it lêste skip,
in skym yn de ûneinichheid,
it koe de ein noch krekt besile:
Huzum leit syn skûtsje op ‘e wip,
wat pake Lodewyk ek seit,
syn rol is no foargoed útspile.
* Douwe Visser