Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Winterljocht en simmerskimer

Keunst

fan Johan Klombeck*



In hynder en in hûn,
mear dieren binne net te sjen
fanwege fûle kjeld,
mar sjoch… wat hat de winter jûn,
foaral oan al dy bern,
gjin âlder dy’t dan telt.

Om’t ljocht fan tsjuster wûn,
giet neat oan ’t wintersicht ferlern.

In keppel skiep en kij,
de dieren kin men amper sjen
troch ’t fallen fan de jûn,
de bosk skoot stadichoan foarby,
de fierte giet ferlern,
de hoeder ropt de hûn.

It docht him net mear nij,
dit is wat hy al jierren ken.

* Johan Klombeck (1815-1893)
Skilderij ‘Winterlânskip en hynder’
Skilderij ‘Simmerlânskip mei fee en hoeder’

admin

It hoecht net mear

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2013

It hoecht net mear, it is bekend,
de wetterpoarte kampioen,
dêr rekket Fryslân al oan wend,
acht kear hat Snits de wimpel wûn.

Image

Mar wêrom net? In moaie moarn,
in skjinne loft foar sinneskyn,
de skûtsjes komme brûzjend oan
en op ‘e Snitser mar stiet wyn.

In moaie middei, want it waait,
al winsken skippers wol krêft fiif,
omdat de wyn dan minder draait
en sparret nekke, ek it liif.

Image

It hoecht net mear, ’t gewear jout oan
de ein fan ’t wikseljend seizoen,
de Snitser wedstriid is ferstoarn,
Snits sels is lykwols kampioen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum