maart 17, 2018
fan Rembrandt
Wy moasten trochgean foar spion,
sa woene de gelearden ha,
om ynformaasje op te dwaan
oer Jezus, wy der dus op ta,
dan soene sy har slach wol slaan.
Sa sloegen wy in oare toan
oan as gelearden yn petear,
earst stieken wy him himelheech;
úteinlik gie it om de ear
fan God of keizer, dat lei dreech.
Belesting wie it seare plak:
betelje of troch Joaden net,
gelearden makken dêr in punt
fan, want it stie net yn de wet…
doe frege Jezus om in munt.
Wy waarden wiisd op keizers byld
en moasten jaan wat sines wie,
’t gie bûten joadske wetten om,
en God kriich wêr’t Hy rjocht op hie…
wy giene troch foar swak en stom.
* Rembrandt (1606-1669)
Yllustraasje ‘De belestingpinning’
maart 16, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2014
Se rûnen oan de bar foarby,
gjin sin noch oan in slok of hap,
it folk wie nei de striid op stap,
de earste skûtsjesilerij.
De jonges fan de kofjebar
en wat der oars te heljen foel,
ferruilen nei in skoft de stoel
foar ’t wetterspul, in koele kar.
Se seagen net hoe’t op ‘e Ie
de start krekt in parade wie
en hoe’t Langwar in foarsprong naam,
de SWH as twadde kaam.
De start fan Grou en Earnewâld
liet harren as in iisko kâld,
hoe’t Huzum as in hazze rûn,
hat har net foar it silen wûn.
Mar nei de skûtsjesilerij
wie ’t mei it spul ynienen ho,
se stielen earst noch gau de show,
doe rûn gjinien samar foarby.