maart 19, 2018
Hy wie in man fan ’t Fryske hynder,
dêr’t hy himsels yn seach:
de holle heech, yn ’t rinnen pronkje,
dat lei no ienkear yn syn aard,
mar nea hie hy in klep foar ’t each.
In man wie hy, tûk yn de hannel,
gie om mei man of frou,
wa wit hoe’t hy him hold as jonkje,
dat socht ferlegen nei it paad,
útrinnend op ’e pronk as pau.
Hy rûn net hurd, wie yn de wannel
de man fan styl en wurd,
dat faakris blonk oan beide kanten,
dêrfoar wie hy ek numismaat,
in dûbel libben: geast en guod.
Dêr sit er dan, djip yn de mimer
bewuolle, sa’t er wie,
net langer tinkend oan syn klanten,
mar ynkeard, want hy wist fan ’t paad
dat hy mar koart te rinnen hie.
maart 18, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2014
It waard hjoed read foar eagen
fan it striden op Langwar
foar skippers dy’t it al of krekt net seagen,
farrend op ûndjiptes fan de mar.
Der waard fan alles weage,
streekrjocht nei de ‘Wettertút’;
sa’t mei de sterke wyn de skûtsjes fleagen,
like it as klapten twa derút.
De keunst lei yn it draaien,
krekt op tiid foar ’t driigjend read,
want soene boatsjefarders oars net baaie
tusken skûtsjes, op ‘e kop ferkeard?
Gjin noed, de ‘Dikkop’ wachte
oan de râne skûtsjes op,
de skipper dy’t it reade djip ferachte,
lei derút en krige op ‘e kop.