Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eigen koers

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2013

Image

Wêrfoar soe de liuw him skamje:
dat er faak allinnich wie
of ûnderoan de ranglist stie?
Syn doel wie heger, by de skoarstien op
om lûd te bearen op ‘e top…
de fraach is hoest dêr komst, ferjamme.

Lytse broer koe dat wol rêde,
want hy lei al gau foaroan,
it like foar de liuw bedoarn:
fan hiel de lange rige alderlêst,
hy hold noch oan de skoarstien fêst…
de fraach is: springst of setsto trêden.

Image

Om de tonne wie ’t in gribus,
dat de liuw naam syn beslút,
hy sprong allinnich der rap út
en liet de skoarstien los, in eigen koers
joech foar him romte by de rûs…
de liuw as eigenwize kwibus.

Image

admin

Oerstjoere dowen

Bibelbylden

fan El Greco*



Myn earme dowen,  ’t moat net gekker,
de fûgels wiene raar oerstjoer,
ynienen lei myn diske op ’e flier
en earlik wier, it wie my oer,
al dagen sit it my net lekker.

Ik sit al jierren yn de hannel,
de timpel is dêrfoar myn plak,
in do is foar de earmen ’t offerdier,
sa komme dy ek ûnderdak…
ik bin fan ûnbesprutsen wannel.

Hy kaam earjuster yn de timpel,
in fint mei yn de hân in tou,
in swalker dy’t it hiele lân troch gie,
hy brocht ús hannel yn it nau
en joech ús ek it rôversstimpel.

In rôvershoale, liet er witte,
dat makken wy fan ’t hûs fan God
yn plak fan dat der wiere stilte wie,
it wie my op dat stuit wol wat…
mar soe ’k myn hannel sjitte litte?

* El Greco (1541-1614)
Skilderij ‘Jezus ferjaget de keaplju út ’e timpel’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum