Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Petit Louis

Keunst

fan Pablo Picasso*



Sjedêr, Petit Louis,
de jonge mei de pipe,
no noch in mystearje,
net ien fan dy en dy…
in type.

In gast yn ’t atelier,
besite fan acht oeren
ûnder myn hypnoaze,
ek foar ’t posearjen ree…
in stoere.

Sjedêr, myn grutte maat,
bekroane mei de blommen
om ’t geduld te earjen,
ik mei wol oer syn aard…
ferromme.

* Pablo Picasso (1881-1973)
Skilderij ‘Jonge mei pipe’

admin

Fok fol koppen

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2015

In fok is meastal brún of ljocht
en hinget foar de mêst
om skraal te farren of mei faasje
foar de wyn, want silen is ús nocht,
ek yn de rêst
mei hiel de skippersstaasje.

Image

In fok mei kleuren is unyk
en hinget foar de ear
fan skûtsjeskippers yn de prizen
fallen, koppen foar ’t publyk te kyk,
’t is kant en klear:
har stjer sil heger rize.

Dêr stiet de skilder* fan de fok
mei skippers foar de float
fan fjirtjin skûtsjes, fûl oan ’t knipen,
dûbelstaasje fan it heechste lok,
’t is board oan board,
’t ferskil leit yn de typen.

Image

* Anne Tjerkstra

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum