april 2, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2015
Se binne like brún as ’t seil
en lykje tsjokker as de mêst,
de tuorrebouten fan de Fluezen,
mar in skipper sjocht mear heil
yn skraler sile mei wat wyn,
it hinne wer is him wol bêst.
De planken leine yn it reid
en wiene gaadlik foar in sit
foar beide bruorkes oan de Fluezen,
dy’t de striid net folle seit,
dus knipe se sigaren fyn,
lykas de tuorrebout ek hjit.
Sjedêr de reiden sûnder bout,
dan bliuwt allinnich oer it brún
fan fjirtjin seilen op ‘e Fluezen,
byld fan âlds dêr al fertroud,
’t ferline stekt de takomst yn,
foar ’t silersmoed skinkt soks fortún.
april 1, 2018
Sy is faak yn de wolken,
om’t se op ’e hichte is
fan wat him op ’e grûn ôfspilet:
giet it goed of giet it mis,
sy hâldt it oersicht op ’e balke.
Sy hâldt harsels yn lykwicht,
ek al stiet sy op ien foet;
as ûnder har in wolfshûn bilet,
bringt sy fleurich him in groet,
want mist er net har skoander útsicht?
Mar komt úteinlik ’t ynsicht
dat sy op dy hichte bliuwt,
is ’t útsicht fuort sa’t sy it spilet.
Dan hy dy’t wit fan hichten
heger as de Pan syn mêst,
de top om him djip te besinnen
op wat goed is of ta lêst…
der is dan noch in wrâld te winnen.