Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Flaggen sûnder striid

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2015

Image

It binne mêsten dy’t ûnthjitte
moarns by iere sinneskyn
dat hjoed it heve sil;
de mar is no noch stil,
mar sjoch, der komt wat wyn…
soe dy it sitte litte?

Image

It binne wolken dy’t net driuwe
middeis op it himelsk blau,
dus is ’t noch altyd stil,
wat yngiet tsjin de wil
fan skippers al yn tou,
dy’t hjoed ek striidber bliuwe.

It binne flaggen dy’t fertelle
dat de earste trije wûn
ha sûnder start en striid,
mar elkenien is bliid
mei ’t slepen yn it rûn…
De Jouwer hat it helle.

Image

admin

Under peil

Lyrysk Deiboek

Wês wolkom, fûgels út it suden wei,
de himelstreken wize jim it paad
om wer in broed te lizzen
middenyn jim eigen wrâld,
de situaasje is dernei.

Ferhege hat it wetterskip it peil,
mar net allinnich foar it grutte skip,
’t hat alles hjir te sizzen;
jimme rjochten binne âld,
dus flean mar op en hâld jim steil.

It is safier, jim binne wer teplak,
de skeane kúf sprekt fan jim striidber aard
en alles is yn streken
foar úteinlik jim behâld:
de berntsjes krije har gerak.

Watsei, allinnich yn It Heidenskip?
Is ’t peil op oare plakken dan noch leech?
Nim elkenien geweken
dy’t fan ljippen minder hâld
as fan de trekker en it skip.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum