mei 5, 2018
fan Rembrandt*
Fannacht moast ik betsjinje,
’t wie foar my de earste kear
dat ik de Rie te drinken brocht
sa middenyn de nacht;
se kamen noch foar Peaske gear,
in preker waard al lang fertocht
en opbrocht troch de wacht.
It hat wol oeren duorre,
net it wurk, dat wie gau klear,
wy sieten rêstich om it fjoer
doe’t ik him sitten seach
en sei: ‘Do wiest ek by dy hear!’
Hy reagearre frjemd, oerstjoer,
ik hie him krekt op ’t each.
Noch twa kear waard er hifke:
‘Sûnder mis, do wiest derby!’
Mar hy ûntkende mei in flok:
‘Ik ken dy keardel net!’
Gjinien fan ús die it noch nij
dat hy fan alle lûden skrok…
hy is nei bûten set.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De ferleagening fan Petrus’
mei 4, 2018
Noch altyd is it hûs bewenber
tusken tsjerke en stasjon
oan ’t lytse Julianapark,
ferneamd nei de prinses yn Kanada,
’t ferline is werkenber.
It wie de wente fan Van Gelder,
keapman al syn libbenlang
yn allerhande skeardersark,
hy moast it rûnom fan klandyzje ha,
fan net sa snoad oant helder.
Hy wie yn Snits al oer de santich
doe’t twa flechters brochten nijs
fan joadehaat, hy joech as Joad
har ûnderdak, it skeardersark koe ’t ha,
sels wie er noch parmantich.
Parmantich, neat noch yn de gaten
reizgen se út Snits mei ’t spoar
en fierder nei it moardnersoard
dat Auschwitz hiet, ’t koe sûnder skearmes ta,
gjin kâns om noch te praten.
Der lizze fjouwer stroffelstiennen
dy’t fertelle oer har spoar
troch ’t libben, stroffelark by ’t park.