april 27, 2018
fan Giovanni Battista Tiepolo*
Agamemnon, moedich strider
út it laach fan wraak en moard,
syn heit wie troch in neef fermoarde,
de soan waard ek in misse dieder.
Foar’t er waard in moedich strider,
flechte er nei Sparta’s foarst,
dêr’t hy him trijedûbel warde:
as moardner, skoansoan en as lieder.
Hy fermoarde heit en soantsje
foar’t er troude mei de mem,
wat oan it hôf fan Sparta barde,
sa groeide wer in bluodrich plantsje.
Kening waard er fan Mykene,
ekspedysjelieder fan
in grutte float nei Troje,
dêrfoar moast er noch jierren traine.
Artemis liet it net waaie,
dat de float lei wiken stil,
syn dochter soe sy fan him skoaie,
sa’n offer moast men wol bekleie.
Agamemnon hat de Griken
oanfierd en úteinlik wûn,
hy koe it lykwols sels net roaie,
waard deade, lyk ûnder de liken.
* Giovanni Battista Tiepolo (1696-1770)
Detail fan it skilderij ‘De grime fan Achilles’
april 26, 2018
fan Paul Cézanne*
Aa bern al hat er him beklommen,
de hillige fiktoarje field
en foar de dea deselde paden rûn,
syn emoasjes mei de hichte dield,
sa is er oan syn bylden kommen.
Hy lit de berch noch heger rize
as de wolken fan de jûn,
wjerspegeljend it lêste sinneljocht,
syn gefoel is oan de hichte bûn,
mar sil ek nei de lichte wize.
It minsdom lit him ûnderkomme,
leit struktueren foar him bleat,
sa krijt de folle breedte ek syn rjocht
troch tsien baaisters, nei de hichte keard,
sa is syn sicht gehiel ferromme.
* Paul Cézanne (1839-1906)
Skilderij ‘Mont Sainte-Victoire’
Skilderij ‘De grutte baaisters’