februari 27, 2025
fan John Everett Millais*
Hy stie bekend as fûgelfreon
yn mear as ’t eigen lânskip,
rûnom wie hy fierder rûn
as lju mei sletten each en ear,
no lei hy, wie net mear sa sûn.
Hy wie ek freon fan alle bern
dy’t fan syn fûgels holden,
dea of libben, altyd wist
er har de namme oan te jaan,
fertelde fierder oer elk bist.
Hy sette ek wol fûgels op,
sa bleauwen dy yn libben,
ek al wiene sy lang dea;
meikoarten kaam foar him de kear…
syn lea opsette, dat koe nea.
* John Everett Millais (1829-1896)
Skilderij ‘De hearskjende passy’
februari 25, 2025
fan ûnbekend*
Wa’t in moardner is, leit foar de hân:
wa’t mei it plan al yn de holle
mei in wapen ien om ’t libben bringt,
mar binne it der folle mear,
dan sprekt men fan in massa-moardner.
Wapens fan mynhear de presidint
ferskille navenant de funksje,
massa’s wurde om it libben brocht;
wat tastien is, is dêrmei klear,
konvinsjes skeppe sa de oarder.
Oer dy oare funksje wurdt nea tocht:
belied dat wrâldwiid minsken deadet,
mei dit wapen om it libben bringt,
it jild yn plak fan it gewear,
in presidint fynt soks yn oarder.
Netanyahu, Poetin en ek Trump,
bewapene mei kapitale
macht, sy reitsje swakken yn it hert,
wat tastien is ta eigen ear…
sy binne dochs ek massa-moardners?
* Foto ‘In massa grêven’