Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Niagara Beweging

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

It is de stream dy’t fierder giet
en rint oer grinzen hinne,
der is gjin kearen oan,
wol harkje nei ’t oanhâldend liet.

It liet, dat al fan fierren klinkt,
sil op syn wize winne
oan krêft, de boldertoan
dêr’t al it tsjinlûd yn ferdrinkt.

It swarte folk set krêftich yn,
in koar fan tolve stimmen:
‘Gelike rjochten foar
wa’t earder libben fan de wyn.’

De stream fan slaven is foarby,
’t komt oan op krêftich swimme
yn ’t eigen skomjend spoar,
beweging is feroarjend tij.

It is de stream dy’t fierder giet
lykas de Niagara,
der is gjin kearen oan,
sjong dêrom mei ’t oansprekkend liet.

* Foto ‘Niagara Wetterfal’
** Foto ‘Tolve leden fan de Niagara Beweging’

 

admin

Myn ferriederstút

Bibelbylden

fan Caravaggio*



Ik hear it him noch sizzen:
‘Judas, do ferriedst my mei in tút?’
Hoe kin ik nei fannacht noch sliepe…
ik kin gjin kant mear út.

Ik moast it paad wol wize,
him oanwize, want it wie al nacht,
de tút… ek teken om te gripen,
gjinien stie dêr op wacht.

Ik hie dochs wol ferwachte
fan de oaren dat it fjochtsjen waard,
ik hearde letter dat se sliepten…
wie hy dan harren maat?

Mar wat ha ik te sizzen
oer de oaren, ik ha him ferret
en sa de pommeranten stipe,
foar my is ’t no te let.

Ik hear it him noch sizzen:
‘Jimme macht is tsjusternis!’
As lei hy doe myn ûnmacht iepen:
‘Do Judas hast it mis.’

* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De tút fan Judas’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum