april 23, 2018
Der is noch romte, hat er sjoen,
de doar stiet foar him iepen,
dus wêrom net in wjukslach dwaan,
al wie ’t mar om te sliepen.
Hy hat syn hert gjinien noch jûn,
is net foar eigen aaien
en ’t kroast in faai bestean te jaan,
no’t jagers frijút jeie.
Dus jou him mar ’t appartemint
mei útsicht oer de dakken,
dan sjocht er hoe’t in oar it docht
en heart har grif wol gakken.
Wat no, in reidhin dy’t dêr rint
of stiet dy stil by ’t neiteam?
Sy sjocht noch yn de takomst ljocht,
hy hâldt it by in deidream.
april 22, 2018
fan Donatello*
fan Henri Matisse**
Lit Van Gogh it foarbyld wêze:
felle kleuren, strak de foarm,
gjin fotoskilderij;
it âlde is foargoed foarby,
nij is it fjoerwurk yn de stoarm.
Donatello tusken wylden,
torso sa’t de minske is?
It docht gjin kop mear nij,
it nije makket keunstners frij,
mei kleurich fjoerwurk giet neat mis.
Braque, Derain, Matisse
sjitte kleuren op it doek
yn foarmen rjocht en sljocht
lykas in wiere keunstner docht,
sa’n fjoerwurk hâldt lykwols koart hoek.
* Donatello (1386-1466)
Byld ‘Beskildere klaaibúste’
** Henri Matisse (1869-1954)
Skilderij ‘Portret fan mefrou Matisse’