Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Boarger en prins

Lyrysk Deiboek

De Drait klinkt oars
as Willem-Alexander,
de boarger is gjin prins…
it platte hat gjin skerpe noas.

Mei tweintich kin
de boarger him wol rêde,
fart frij oer mannich grins,
syn fleurich sin ken gjin ferrin.

Mei read-wyt-blau
wol hy wol prinslik flagje,
hoewol’t er hat ien winsk:
far wol foar minsken yn it nau.

Far dus as him
frij oer de Fryske marren,
dan fielt it oan as lins…
’t Wilhelmus klinkt as mei ien stim.

admin

Albert Einstein

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Neat is yn ’t libben absolút,
dus moat men alles yn relaasje sjen,
sa wurdt de minske wizer
oer de tiid dy’t giet foarút,
mar mei de faasje fan it ljocht ferlern.

As bern wie hy syn tiid foarút,
hoewol’t hy trochgie foar in stillenien
en achterlik, net wizer,
mar hy hie syn dreamdebút,
hat mei de tiid it yn de romte dien.

De romte joech him wol de kâns
om tiid te sparjen mei it rappe ljocht,
dy beide yn relaasje;
’t witten rekke yn balâns:
atoom en universum krigen rjocht.

Hoewol’t er al fan alles wist
en musisearre troch de ierdske tiid,
ferlear de wrâld relaasje
mei it rjocht, as passifist
seach hy op ôfstân striidber nei de striid.

Foto ‘Albert Einstein’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum