Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ajax

Mytebylden

fan Giovanni Demin*
fan ûnbekend**

Hy brocht mar tolve skippen yn,
it wie mar lyts, dat kontingint,
earst foer hy brûzend foar de wyn,
dy Ajax wie in flinke fint.

In man fan dieden, net fan ’t wurd,
hy hie genôch oan hint en hân,
hantearre mei gemak it swurd,
dêrmei in libbenslange bân.

It rûn heech op mei Odysseus,
twa Griken yn in hjit konflikt,
ta argewaasje fan god Zeus,
wat Ajax woe, waard net berikt.

Gjin wurd wie nedich foar syn wraak
op eigen folk, teminsten as
Athene der net wie, syn taak:
de skiep, hy sloech der flink op los.

Hy seach it bloed fan kop oant sturt
en skamme him de teannen út,
stiek yn de grûn syn bluodrich swurd
en keas de dea as einbeslút.



* Giovanni Demin (1786-1859)
Skilderij ‘Ajax’

* Yllustraasje ‘Selsmoard fan Ajax’

admin

By Marije yn it skaad

Keunst

fan Karl Pavlovitsj Brjoellov*



Wa nimt it him no noch kwea-ôf,
hy hat har al genôch ta songen
yn it kleaster jier nei jier,
hy draacht it oer op dizze frou,
docht dan de eagen ticht en fier
sjocht hy werom… as jonge…

As famke song sy al de ear
by ’t byld út leafde foar Marije,
ree troch ingel Gabriël,
mem wurden fan ús Leave Hear;
devoat leit sy de blommen del,
har seine sil se krije.

Gjinien komt by de iik te let,
al rint it stoarm troch in prosesje
mei in ezel oan it haad;
al swittend ha se it wer ret:
gau by Marije yn it skaad…
gjin sprake fan agresje.

* Karl Pavlovitsj Brjoellov (1799-1852)
Skilderij ‘By de Madonna-iik’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum